Drokte op De Jouwer by de winkels mei iten: yn 'e rige foar in rollade

24 des 2020 - 17:34

De bakker, de slachter en de grienteboer. Allegear hawwe se it drok. It is de dei foar de krystdagen en de lêste ynkeapen wurde noch gau dien. It is dan ek net gek dat de minsken by de bakker op De Jouwer bûten yn de rige stean.

Dei foar kryst drok by winkels

Tongersdeitemoarn om 7.00 oere stiene de earste minsken foar de doar. "It giet de hiele dei wol troch", seit eigener Hammie Breimer.

Drive-through

Om de drokte wat te beheinen hawwe se by de bakkerij in saneamde drive-through. Minsken kinne mei harren auto efter de bakkerij del ride. "It personiel set de bestelling yn de auto, it is 'inpakken en wegwezen'", seit Breimer. Se fernimt dat it drokker is as oare jierren. Ek tinkt se dat mear minsken no kieze foar de bakkerij as foar de supermerk. "Kinst echt fernimme dat minsken lekker ite wolle. It is krekt wat lúkser as oare jierren."

Foto: Omrop Fryslân

Ek by slachter Veldman op De Jouwer fernimme se de drokte. "By ús yn de winkel is it folle drokker as oare jierren. Wy kinne echt fernimme dat minsken gewoan thús harren feest fiere. By it goermetsjen is it folle mear, rolladen en oare fleissoarten wurde mear ferkocht."

Ek de supermerken hawwe it in dei foar de krystdagen drok. By guon supermerken steane de rigen oant bûten ta.

Breimer's Bakkerij

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)