Operaasje Fryske Flagge: Sandra Mous wennet yn dy oare Zurich, yn Switserlân

24 des 2020 - 17:21

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Ek foar Sandra Mous is de Fryske flagge wichtich, mei har Fryske flagge doarsmatte is dy it earste dat se sjocht wannear't se de doar út stapt.

Foto: Sandra Mous

De yn Deinum opgroeide Sandra Mous wennet op it stuit yn Zurich. Net dy yn Súdwest-Fryslân, mar dy yn Switserlân. Sy is dêr foar doktoraal ûndersyk wêrfoar't se röntgenlasers brûke nei ta gien, om't dy yn Switserlân steane. "Ik ha biology studearre, en wy dogge ûndersyk nei de 3D-stuktuer fan aaiwiten. Iets mear spesifyk: ik wurkje mei aaiwiten dy't troch ljocht aktivearre wurde."

En net samar aaiwiten, mar aaiwiten dy't yn baktearjes sitte dy't yn de Japanske oseaan te finen binne. It wie net nedich om sels hielendal nei Japan te gean. "Je kinne ek gewoan it DNA brûke, yn stee fan de baktearje út de oseaan te fiskjen."

Fondu-skype

Se kin dit jier net nei Nederlân ta om de krystdagen mei har famylje of freonen te fieren, mar lit har dat net op 'e kop sitte. "It is net oars, en wy hawwe aardige ferfanging op de planning. Sa geane wy mei de famylje fondu-skypen!" Hielendal allinnich mei har bakje waarme tsiis is se net, har freon sil neist har efter de tablet sitte.

"Ik freegje my ôf wat de buorfrou tinkt!"

Faaks is se dochs wol mear Frysk as Switsersk, want skye hat Sandra noch net dien. De Fryske flagge is dêrfoaroer wol wichtich foar har. "Foar de jierdei hie ik in Fryske doarsmatte krigen fan myn broer. Ik wie der sa bliid mei, ik haw 'm fuort by de foardoar delsmiten. Myn freon makke dy foto, en sei fuort 'dy moatte wy nei Omrop Fryslân stjoere!'"

Dat har freon Switsersk is, wol nammentlik net sizze dat hy de Fryske flagge net werkent. "De Fryske flagge, dat wit er fansels wol, dat wit er fan my. Ik freegje my wol ôf wat de buorfrou tinkt", laket se.

Operaasje Fryske Flagge: Sandra Mous

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 190 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)