GGD-direkteur sjocht werom op 2020: "Fan tefoaren tocht ik: dit kin ik net"

24 des 2020 - 17:15

"Ik hie it fan tefoaren net betinke kinnen, mar it wie ek wol wer hiel moai." Mei mingde gefoelens sjocht Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân, werom op har 2020. Oan de iene kant wie it in grutte útdaging, sels in té grutte útdaging, tocht De Graaf earst. Mar oan de oare kant jout it wurk ek in soad foldwaning. Yn it programma Weromsjen mei Reitse bepraat se mei Reitse Spanninga hoe't se it jier belibbe hat.

Hie sy witten hokfoar jier har te wachtsjen stie, dan hie se tocht dat se it wurk as direkteur fan GGD Fryslân net dwaan koe. "Mar giest gewoan oan it wurk, en dan giet it dochs. Dat jildt tink ik foar eltsenien. En mei-inoar dogge wy it dan dochs mar even."

It wie wol in dreech jier. Net allinnich stie se in soad yn de belangstelling, mar De Graaf makke ek in protte oeren. "Yn dy earste golf wurke ik fan 8.00 oant 23.00 oere, en dan sân dagen troch", fertelt sy. "Dat brekt dy wol op, dat is in kear klear."

Mar De Graaf fynt it wol moai wurkom it boechbyld fan de GGD te wêzen. "Datst minsken fertelle kinst: 'dit is der oan de hân yn Fryslân'. En datst ek fertelle kinst oer it moaie wurk dat ús minsken dogge. Datst mei-inoar dêr foar stean kinst."

Yn it programma Weromsjen mei Reitse sjocht ús eigen topkok Reitse Spanninga werom op 2020 mei Friezen dy't it ôfrûne jier yn it nijs wiene. En fansels moatte de gasten ek oan 'e bak. Tegearre mei Reitse wurde de moaiste gerjochten foar it krystdiner of âld en nij makke.

Alle resepten binne op de webside fan Omrop Fryslân werom te finen en út te printsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)