Ald-Neushoorn-direkteur Yvonne Bleize docht oanjefte tsjin Andries Veldman

Ald-direkteur fan Neushoorn Yvonne Bleize is lilk op Andries Veldman fan Liwwadders.nl. Neffens Veldman soene der ûnder it witten fan Bleize slimme mistannen by Neushoorn west hawwe, lykas seks mei stazjêren en drugsgebrûk. Dat is smaad, sa fynt Bleize. Dêrom docht sy oanjefte tsjin Veldman.
Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yvonne Bleize seit dat it artikel hurd oankaam is. Se docht oanjefte tsjin de sjoernalist fan Liwwadders.nl. Se fynt it in taak fan sjoernalisten om te graven as se misstannen tsjinkomme, mar neffens har sloech it ferhaal fan Veldman alles. "Hij komt met zeer grote beschuldigingen naar medewerkers van Neushoorn. Ze zouden zich bediend hebben van misdadige praktijken en hij zegt dat ik daar van geweten zou hebben en koppelt het aan MeToo. Daar word ik boos en verdrietig van, maar ook strijdvaardig".

Skea

Bleize seit dat se fan neat wist fan misstannen en hat no oanjefte dien fan 'smaadschrift'. Dat betsjut dat ien op in 'onwelluidende' wize oer je skriuwt om je goeie namme skea te dwaan. Sy seit dat dit is wat Veldman dien hat. Bleize fertelt dat Veldman healwei oktober begûn mei it fragen stellen, mar se wist net krekt wêr't hy mei dwaande wie. Fan 'wederhoor' hat neffens har gjin sprake west. "Ik heb dat op een andere manier ervaren en dat is onderdeel van mijn aangifte bij de politie."
Neffens de âld-direkteur hat se earst juridysk ûndersyk dien en kontakt hân mei minsken lykas stazjêren en frijwilligers, dy't ek ferbjustere binne. Se hat der bewust foar keazen om de oanjefte ek yn it iepenbier op Facebook te melden.

Undersyk

Der is in ûndersyk oankundige nei de eventuele misstannen en har belied. Bleize wol dêr oan meiwurkje. Weromkommend op it ferhaal fan Veldman fynt Bleize dat hy, as it echt sa slim wie, mei ferkrêftingen, seksueel misbrûk en it tatwingen fan drank en drugs, dat hy syn boargerplicht dwaan moatten hie en it by de plysje melde moatten hie. Dat hat hy net dien en dêrom wol Bleize dat it Iepenbier Ministearje ûndersyk docht nei de hannel en wannel fan Andries Veldman.
Yvonne Bleize