FIDEO: 11 Andere Oorden by de Bosbergtoren yn Appelskea

24 des 2020 - 17:00

De Bosbergtoren yn Appelskea wurdt as lêste fan it keunstprojekt 11 Andere Oorden yn it ljocht setten. Op strikt geheime lokaasjes wien de ôfrûne alve dagen yn de oanrin nei de krysttiid op ferskate plakken yn Fryslân ljochtkeunstwurken toand. De keunstwurken binne makke troch it 'LUNA Collective', bekend fan it ljochtfestival yn Ljouwert. Publyk koe der net live by wêze, mar op Omrop Fryslân is it wol alle jûnen te sjen.

11 andere oorden dei11

It wiene plakken dy't net sa bekend binne, mar dêr't wol in moai ferhaal efter sit mei in gedachte dy't goed past by de krysttiid.

11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende coronamaatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei tongersdei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)