Omrop TIP: Krystnachttsjinst, ekstra tsjerketsjinst én in krystkonsert by Omrop Fryslân

24 des 2020 - 21:50

Dizze krystdagen pakt Omrop Fryslân út mei in krystnachttsjinst, in ekstra tsjerketsjinst op earste krystdei én in krystkonsert. Wannear't minsken der sels net op út meie, soarget Omrop Fryslân wol dat it by de minsken komt.

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Ut de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei is dûmny Margerithe Veen de foargonger. De muzikale begelieding wurdt fersoarge troch oargelist Jochem Schuurman en Gonny Roelofsen op de dwersfluit. De tsjinst begjint om 23.00 oere.

Ekstra tsjerketsjinst

Earste krystdei binne wy wer yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Moarns om 10.00 oere mei in ekstra tsjerketsjinst. De tsjinst is te folgjen op telefyzje en ynternet. Freed is de liturgy fan de tsjinst te finen op ús webside. Hâld dêrfoar dizze pagina yn 'e gaten.

Krystkonsert

We slute earste krystdei ôf mei it krystkonsert Thús mei Kryst. Oargelist Jochem Schuurman en sopraan Tetsje van der Kooi sille dêryn populêre krystnûmers hearre litte. Njonken Schuurman en Van der Kooi komme mear musisy del dy't bekend binne yn it 'klassike sjenre'. Presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman. Thús mei Kryst is fan 16.30 oere ôf te folgjen op telefyzje. It programma en de lieten fan it konsert binne hjir te finen.

Omrop Fryslân pakt dizze feestdagen út mei moaie programma's. Sjoch foar al dy programma's op Omropfryslan.nl/utpakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)