Undernimmers yn lockdown: "It is nuver, net hoe't je eins wurkje wolle"

Gewoanwei hawwe se mei de krystdagen it restaurant fol en moatte se hinne en wer drave om eltsenien harren iten te bringen. Badmeester Keimpe yn Balk hat it dit jier lykwols net minder drok.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It restaurant wie fansels al langer ticht as de oare bedriuwen dy't ferline wike ynienen ticht moasten. Neffens Kira Boekelman falt de twadde perioade dy't se ticht moasten dan ek minder swier. "De earste kear sieten wy yn it foarseizoen, dan sjochst dat it bûten prachtich waar is. Fan dy moannen moatte wy it eins hawwe. Wy binne in seizoensbedriuw, dus dat is hiel belangryk. Tagelyk binne wy yn de winter ek folle rêstiger yn ferliking mei de simmermoannen, dus wy binne wol wat wend kwa rust. Mar wy fine it hiel spitich dat wy no ticht binne."
In protte is der dizze winter dan ek net te belibjen by Badmeester Keimpe, se binne mar twa kear iepen. "Wy hawwe ús no bewust rjochte op de sinteklaas- en krystwykeinen. Dat is foar it team fansels ek moai, it is hiel leuk om wer echt lekker dwaande te wêzen en wer yn kontakt te kommen mei alle gasten."
Undernimmers yn lockdown: Badmeester Keimpe

Flyerje

Foar op it menu mei dizze krystdagen, hat it restaurant foar in rige mei delikatessen keazen. De logistike fraachstikken wiene dêr ek reden ta. "Sa no en dan sit der noch in reseptsje by dat it noch efkes yn de oven moat, mar foar de rest is it hielendal klear. It is maklik foar de minsken dy't it oannimme."
Just in dizze tiden fyn Boekelman it moai om soks te hawwe om oer nei te tinken. "Je hawwe oars eins hielendal neat mear te dwaan hjirre. Je binne dus in protte oan it himmeljen en nije plannen oan it meitsjen foar de simmer. Dat is moai om te dwaan, mar it is ek moai dat der écht even wat bart. Dat je even yn kontakt komme mei de gasten, dat je wer in bytsje ynnovatyf wurdst yn de dingen dy'tst dochst." En wer mei it team gearkomme. "Dan fielst it entûsjasme wer. Wy hawwe flyere mei it team, dan tinkst 'yes, wy binne der wer'. Dat is wol hiel wichtich."

Boppe ferwachting drok

Boekelman fertelt dat it, faaks ek troch al dat flyerjen, boppe ferwachting drok is. It restaurant is tongersdei al begûn mei besoargjen, en giet oant en mei snein troch. "Juster haw ik allinnich mar yn de logistyk en de planning sitten, dus dat is ek efkes in oar ferhaal dan de tafels ynrjochtsje, sa't wy it gewoanwei dogge. Moatst no in rûte meitsje, en wa rydt wêr. It is wer iets oars, in hiele belibbing."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Kira Boekelman fan Badmeester Keimpe
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Joy Smit wurket yn de keuken. Neffens har gean foaral de rikke ielen de doar rap út. "Paling is natuurlijk waar wij een beetje bekend om staan. Onze chef-kok rookt die zelf." Mar ek de oare bestellingen geane rap. "Dat wordt wel inpakken de komende dagen", sa seit se. Se binne dan ek al drok dwaande. "We zijn bezig met de voorbereidingen, alles klaarmaken. Alvast voor vandaag alles inpakken. Vooral voorbereiden voor de hele Kerst, eigenlijk."

De boksen geane oan

Dat der wer wat te dwaan is, is se bliid mei. "Het is gewoon heel fijn om weer iets te doen, om hier weer even aan het werk te zijn. Anders raak je ook zo vervreemd van elkaar. Het is heel leuk om dit weer even te doen."
Ek sjef-kok Daan van den Brule tinkt der op dy manier oer. "We hebben natuurlijk een paar weken stilgezeten, dus het is wel lekker om weer iets te doen." En wannear't de krystmuzyk oan giet, dan sit de sfear der hielendal goed yn. "Dat hoort er wel een beetje bij, als je met Kerst werkt", sa seit Smit laitsjend.
"Het is heel gek natuurlijk, het is niet hoe je zou willen werken", sa seit Smit ta beslút. "Maar goed, dat kan helaas niet. Dan is dit een heel leuk alternatief, dat je alsnog eventjes met z'n allen bezig bent."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by Badmeester Keimpe