272 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 272 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der leafst 46 mear as woansdei, doe't der 226 fêststelde besmettingen meld waarden.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de gemeente Ljouwert binne de measte besmettingen konstatearre, dêr giet it om 51 besmettingen yn de ôfrûne 24 oeren. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 32 besmettingen. Opfallend is dat op it tredde plak trije gemeenten steane: yn Achtkarspelen, Smellingerlân en Waadhoeke binne elts 27 besmettingen oantroffen.
Der binne twa minsken it sikehûs yn rekke en der binne ek twa minsken oan it firus ferstoarn yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân. De twa ferstoarne minsken komme beiden út Súdwest-Fryslân.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der by it RIVM 11.555 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der goed tûzen mear as woansdei, doe gie it om 10.432.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.