Plysje hat fertochte op it each fan wenningoerfal Broeksterwâld

24 des 2020 - 14:10

De plysje hat in fertochte op it each fan de wenningoerfal yn Broeksterwâld ferline wike. Doe waard in frou fan 70 jier yn har hûs oerfallen en bedrige mei in wapen. De frou rekke net ferwûne, mar is wol bot skrokken fan wat der bard is.

Foto: Srfotografie

De oerfaller naam jild mei by de oerfal. De plysje is dwaande mei it ûndersyk en hat spoaren feilich steld. Yn de buert fan it hûs yn Broeksterwâld hat de plysje mei mooglike tsjûgen praat. Der binne al nammen neamd en ien springt derút. Syn belutsenens wurdt op it stuit ûndersocht.

Trefwurden: 
plysje Broeksterwâld oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)