Fûgelgryp bedriget populaasje mientsen op it Waad

Fûgelûndersikers binne bot skrokken fan grutte oantallen deade mientsen op it Dútske Waad troch de fûgelgryp. "En er is heel veel uitwisseling tussen de vogels hier en in Duitsland", seit ûndersiker Allert Bijleveld fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee op Teksel. Hy docht ûndersyk nei de mients, yn it Nederlânsk de kanoet.
In jonge mients by de Zuiderpier fan Harns © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De fûgelgryp bedriget de populaasje mientsen op it Waad, sa warskôget ûndersiker Allert Bijleveld
Yn Dútslân binne 1.500 deade mientsen fûn yn in relatyf lyts gebiet. "Dat zijn hele grote aantallen", fynt ek Bijleveld. "Ik kan me niet voorstellen dat hier nog niet is", seit hy, mar in soad konkrete meldings binne der noch net.
Ferline wike is noch op de sânplaat It Gryn sjoen oft dêr ek deade mientsen oanspiele, mar dat wie net it gefal. Bijleveld: "Dat had ik niet verwacht, maar het is wel goed nieuws." Der binne al wol fertochte gefallen binnen kaam op Twitter út Skotlân en Ierlân.

Net útstjerre

Omdat it Waad sa grut is en de fûgel relatyf lyts, is it ek dreech om sicht te krijen op wat der krekt gebeurt. Bijleveld hat syn ynternasjonale netwurk fan fûgelûndersikers wol frege om ekstra op te letten.
De soart sil net útstjerre as der in hiel soad deagean, mar de populaasje krijt wol in behoarlike tik de ferkearde kant út. Mientsen briede yn it Noarden en ha it op it stuit al dreech om foldwaande jonge fûgels grut te krijen troch de klimaatferoarings. As der dan in soad fûgels deagean dy't foar de reproduksje soargje moatte, hat dat wol ynfloed. Hoefolle ynfloed krekt, moat yn de rin fan de jierren dúdlik wurde troch ynternasjonaal ringûndersyk.