Kwisse mei Omrop Fryslân: wat witsto oer de Fryske muzyk?

Noch efkes en de 100 grutste Fryske hits binne wer te hearren op Omrop Fryslân: âldjiersdei tusken 06.00 en 18.00 oere is de Fryske top 100. Mar om't wy allegear yn lockdown sitte kinne wy wol wat ekstra ferdivedaasje brûke, of net?
Herman Zeilstra fertelt oer de kwis:
"It is in idee fan presintator Arjen Overmaat", seit muzykredakteur en top-100-orakel Herman Zeilstra. "Arjen tocht: der moat noch wat tusken de krystdagen en âld en nij. We slute de stimbussen op Twadde Krystdei en de list begjint op âldjiersdei. Mar soe it net moai wêze as we, wylst we yn lockdown sitte, dochs noch wat dwaan kinne? Dus we ha in online poppubkwis betocht foar de Fryske top 100."
Arjen Overmaat sil de kwis presintearje, hy hat de fragen ek betocht. Alle ynformaasje stiet op Omropfryslan.nl/kwis.