Plysje siket tsjûgen fan brân by GGZ yn Harns

24 des 2020 - 11:43

De plysje yn Harns siket tsjûgen fan de brân by de GGZ-ynstelling oan de Achlumerdyk yn de stêd, ôfrûne tiisdeitenacht. Der binne doe ek in tal keamers ûntromme.

Foto: CAMJO media

De brânwacht hie it fjoer yn de Batting gau ûnder kontrôle, se sprekke fan in lytse brân. Nei't de keamers fentilearre wiene, koene de bewenners wer nei de keamers ta. Der is gjinien ferwûne rekke.

De plysje wol no witte wa't wat sjoen of heard hat op dat stuit.

Trefwurden: 
Harns brân GGZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)