Klúnbrêge yn Boksumer Soal neamd nei âld iismaster

24 des 2020 - 11:20

De klúnbrêge yn de Boksumer Soal is neamd nei de âld iismaster Hedzer van der Meer út Easterwierrum. Hy hat 37 jier lang bestjoerslid west fan de IJswegencentrale Baarderadeel. Van der Meer hat ferskate grutte reedrydtochten meimakke.

Hedzer van der Meer en syn frou Julia - Foto: N. Meindertsma

Yn de reedrydrûte fan de Baarderadieltochten ûntstie in knyppunt nei de oanlis fan de Heak yn de N31. Yn de tunnelbak, dêr't de Boksumer Soal ûnder de N31 trochgiet, soe it wetter net gau befrieze by froast. Sûnder in klúnoplossing koe de tocht net mear trochgean. Nei oerlis tusken IJswegencentrale en de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke is yn 2019 de klúnbrêge pleatst.

As ôfskiedskado krijt de brêge no de namme fan Hedzer van der Meer. De hoop wie om ôfrûne winter de brêge al dy namme te jaan, mar dat wie de waarmste winter ea metten. No kin der ek net riden wurde, mar it bestjoer woe net langer wachtsje. Van der Meer en syn frou Julia binne mei in grutte sloep ferfierd nei de brêge, dêr mocht Van der Meer sels syn nammebuordsje ûntbleatsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)