Gebou Bernlef bekladde mei 'Fuck alle Friezen': "Gewoan hiel teloarstellend"

24 des 2020 - 14:20

It pân fan de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins is yn de nacht fan woansdei op tongersdei mei graffity bekladde mei de tekst 'Fuck alle Friezen'. Dêrûnder stiet 'FCG', in ôfkoarting fan de Grinzer fuotbalklup FC Grins. "Nei sa'n leuke aksje dy't sa goed slagge wie, en dy't sa 'verbroederend' wie, krije je dit op de noas drukt. Dat is gewoan hiel teloarstellend", seit Lucas van der Veer, de foarsitter fan de studinteferiening.

Foto: Thymo Baak

It fandalisme komt twa dagen nei't de studinteferiening mear as 2.650 euro ophelle hat foar de Grinzer Voedselbank, en it Frysk folksliet op de Martinitoer spile waard. Ek de tsjinaksje fan TikTok Tammo wie in sukses, hy krige in protte reaksjes op syn oprop om 'Bûter, brea en griene tsiis' yn it Grinslânsk te sizzen. Ek hy helle in protte jild op, yntusken stiet de teller fan syn donearaksje op mear as 2.800 euro.

Oer it algemien wiene de reaksjes hielendal net negatyf, fertelt Van der Veer. "It wie eins allegear bêst wol hiel posityf, op in pear lytse grapkes tuskentroch nei. En doe't wy op paad wiene nei de Martinitoer waarden we ek útskolden troch ien man, mar dat wie alles yn prinsipe."

It jout in bytsje in soere neismaak, mar dat mei net weinimme fan it moais wat wy dien hawwe.

Lucas van der Veer, foarsitter fan Bernlef

Dat foar de rest elkenien posityf wie, is neffens Van der Veer dan ek wat sa moai wie oan de aksje. "Ik bin noch altyd hiel bliid mei hoe't de aksje gien is, en mei alle stipe dy't wy krigen hawwe. Dat soks derefter wei kommen is, jout in bytsje in soere neismaak, mar dat mei net weinimme fan it moais wat wy dien hawwe."

De ferieniging hat tongersdeitemoarn by de plysje oanjefte fan fandalisme dien.

Lucas van der Veer, foarsitter fan studinteferieniging Bernlef

(Advertinsje)
(Advertinsje)