Ried fan Steat kin melkfeehâlders net helpe tsjin guozzen

24 des 2020 - 10:00

De Ried fan Steat kin neat dwaan foar Fryske melkfeehâlders dy't tsjin it ferbod op it ferjeien fan en it jeien op guozzen binne. It Nederlânsk melkfeehâldersfakbûn (NMV) woe fan it ferbod ôf.

Foto: Henk Bootsma

Mar de Ried behannelet it fersyk net, om technyske redenen. NMV-foarsitter Harmen Wiegersma fan Rinsumageast wie al warskôge foar de útkomst. De rjochter sei dat er it probleem fan de guozzen, dy't gerslannen oanfrette, wol begrypt, mar dat de melkfeehâlders better nei de sivile rjochter stappe kinne. De Ried fan Steat kin as heechste bestjoersrjochter gjin saak begjinne as der net earder in konkreet bestjoersbeslút naam is.

It is noch net bekend oft de NMV nei de sivile rjochter stapt. Wiegersma seit dat it guozzeprobleem benammen yn Fryslân hiel grut is. Hy seit dat de melkfeehâlders hieltyd fierder yn de knipe komme, omdat se net de mooglikheid ha om grutte groepen beskerme guozzen fan it lân te ferjeien.

150.000 guozzen it jier

Yn totaal meie alle jierren 150.000 guozzen ôfsketten wurde. Yn de praktyk komt it net fierder as 50.000. Noch altyd fierstente folle, as it oan de Fûgelbeskerming leit. Dy ha ek beswier makke tsjin de regels fan de provinsje Fryslân. De provinsje moat opnij nei dy beswieren sjen, besleat de rjochtbank, mar yn de tuskentiid mei it ôfsjitten wol trochgean.

Guozzen

(Advertinsje)
(Advertinsje)