Antoinette de Jong: "De spanning sit der wol op"

Antoinette de Jong makket har op foar it WKKT. Dat stiet foar it Wrâldkampioenskip Kwalifikaasjetoernoai. It toernoai tusken de krystdagen en âld en nij is tradisjoneel it toernoai dêr't in soad op it spul stiet foar de reedriders. Dat is no ek sa. De Jong hat har al wol pleatst foar it EK allround, mar wol fansels mear. Ferline jier gong dat mis op ditselde toernoai. "Dêrtroch sit der wol mear spanning op."
© Orange Pictures
In bytsje druk is der wol ôf. Yn novimber waard Antoinette de Jong Nederlânsk kampioen allround en dêrtroch is se yn alle gefallen al wis fan it Europeesk kampioenskip allround. "Dat skeelt fansels wol. Dat wist yn elts gefal datst ien fan de belangrike toernoaien ride meist. Mar ik wol mear."
Sa kin se har ek pleatse foar twa wrâldbekers en foar it Wrâldkampioenskip ôfstannen yn febrewaris. "It doel is om my foar de 1500 en 3000 meter te pleatsen." Of better sein: "Dan bin ik tefreden."

"Dat wol ik net wer"

Ferline seizoen sleat De Jong it seizoen moai ôf mei in brûnzen medalje op it WK allround yn Hamar. Dêrfoar gong it lykwols efkes mis. Op it NK ôfstannen pleatste se har krekt net foar it EK en WK ôfstannen. Op de 3000 meter kaam se sels mar trije hûndertsten tekoart. "Dat sit noch wol efter yn 'e holle. Dat nimme je toch mei. Dat wol ik echt net wer."
De Jong mocht doe wol meidwaan oan de ploege-efterfolging. "In Jan Coopmans (bûnscoach, red.) kin dan wol sizze dat it ek moai is dat ik dat ride kin, mar op sa'n WK-ôfstannetoernoai rinne je dan toch mei in segrinich gesicht rûn. Dêr is neat oan."

Fjouwer fan de fiif ôfstannen

It fertrouwen yn in goeie ôfrin is dizze kear lykwols grut. "De foarm liket goed, it fertrouwen sit wol goed. Ja, ik ha der wol sin oan." De Jong sil de 500 meter net ride. "Nee, dêr ha ik my krekt foar ôfmeld. Mar dat ik dy net rydt, seit fierder neat hear." Se docht wol mei oan de 1000, de 1500, de 3000 en de 5000 meter. Al sjocht se foaral nei de twa middelste ôfstannen. "Op de 1500 en de 3000 meter moat it gebeure. As ik my foar dy ôfstannen net pleats, dan bin ik echt net tefreden."

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion hâlden.