Beswieren Waadferiening tsjin gaswinning yn Waadsee fersmiten

24 des 2020 - 08:26

De NAM mei trochgean mei it winnen fan gas ûnder trije lytse fjilden ûnder en by de Waadsee. De Ried fan Steat hat alle beswieren fan de Waadferiening tsjin de gaswinning ôfwiisd.

Foto: Remco de Vries

De heechste bestjoersrjochter is it net iens mei de Waadferiening en oare tsjinstanners dat de langere gaswinning yn de fjilden fan Moddergat, Lauwerseach, Vierhuizen en Blije liede sil ta in werklike oantaasting fan it beskerme natuergebiet.

Neffens de Waadferiening sakket de boaiem hurder as gefolch fan de gaswinning. En dat is min nijs as de seespegel just omheech giet troch de opwaarming fan de ierde. Dan komme grutte parten fan it Waad foargoed ûnder wetter te lizzen.

'Boaiemdelgong falt ta'

De Ried fan Steat seit dat it wol tafalt mei dy boaiemdelgong troch de gaswinning yn de trije lytse gasfjilden. De delgong soe net folle hurder gean as de stiging troch riviersânôfsettingen. Boppedat hâlde de NAM en it ministearje fan Ekonomyske Saken it nivo fan de seeboaiem yn de gaten, sadat der direkt yngrepen wurde kin as it út de klauwen driget te rinnen, neffens de Ried fan Steat. Dy seit ek dat it omheech gean fan de seespegel net sa hurd giet as earder foarsein.

Fierder hat de Ried fan Steat ek gjin problemen mei de metoade wêrmei't de NAM wurket: fracking. It gaswinbedriuw spuitet ûnder hege druk floeistoffen en keramykkerrels yn de djippe ûndergrûn om de boaiem los te skodzjen, sadat it gas makliker omheech streamt. De Waadferiening soe net oantoand ha dat it fracken risiko's opsmyt foar natuer en miljeu.

Auke Wouda fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)