Kollum: "Jieroersjoch"

24 des 2020 - 08:24

"Oer in wike is dit jier foarby. Ik hearde op 'e radio dat de makkers fan Black Mirror in jieroersjoch meitsje. Yn de trailer sizze se dat se dit jier op syn Ingelsk in train wreck en shit show neame woene, mar dat dat net earlik wêze soe foar treinen en stront. Death to 2020 neame se de ôflevering, en ik moat sizze dat as ik ien klup fertrou mei in grappich weromsjoch, dan is dat Black Mirror wol. Leaver as Youp. Ik twivele oft ik in weromsjoch op it jier sjen woe. Want dit jier wie ferskriklik, en ta myn grutte horror is de ferskrikking ek noch net hielendal foarby.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

'Mar Botte, do bist sûn, en de minsken om dy hinne ek!' Dat kloppet. Der binne der dy't it gâns minder troffen ha, sterker noch, mear as tsientûzen minsken binne yn Nederlân ferstoarn oan de gefolgen fan Covid-19. Dat binne stik foar stik drama's. Soms koene minsken net iens by harren neisten wêze yn 'e lêste oeren fan it libben. Dat fyn ik ferskriklik, en sokke ferhalen kin ik net sa goed oan. Dêrom tocht ik deroan om jieroersjoggen mar even oer te slaan.

Mar doe realisearre ik my, dat we mei ús allen nochal wat meimakke ha. En dat meie we bêst even markearje, en mooglik is in weromsjoch dan sa gek noch net. Wol wist ik doe seker dat dit allinnich de jieroersjoggen fan de Omrop en fan de NOS wêze moatte. En dit klinkt fan immen op de stjoerder fan de Omrop fansels as 'WC-Eend', mar wat meie we dochs wiis wêze mei nijsynstituten sa as de NOS en de Omrop.

Ja, der giet echt wolris wat mis, mar wat in enoarme wearde ha dizze ynstituten as it derop oankomt. En dit jier kaam it derop oan. Ik moat sizze dat de NOS-haters op gjin inkeld momint ek mar yn de buert kommen binne mei in alternatyf. It FVD-Journaal, Ongehoord Nederland, Dagelijkse Standaard, en alles wat der fierder noch is: it is gepruts, it is gjin kollektive belibbing en ik sis it mar gewoan: it is besoademiterderij. Wat is it NOS Journaal in ferromming en fan ûnskatbere wearde. In hâldfêst. En it binne dielde ûnderfiningen en ferslaggen fan wat der bard is foar elkenien.

De coronakrisis is oan gjinien foarby gien. Ek net oan my. Ik ha dit jier sa'n tweintich prosint minder fertsjinne. Ik ha fan de putsjes dy't ik hie, in protte mear wurk hân. Ik ha in soad stress ûnderfûn fan de hiele tastân. En ik fûn it bytiden ek bêst swier om as immen dy't single is, de tiid troch te kommen sûnder dat immen my oanrekke, moannen efterinoar. Dat koste in protte mentale enerzjy, en op ien of oare manier ek fysike. Ik wie bytiden deaop.

Myn punt is dat ik dit hjir no al fertel, mar ik altyd de earste bin dy't dat weisiferet: der ha ek minsken siik west, der binne de kommende krystdagen mear minsken yn 'e soarch oan it wurk as ea earder mei de krystdagen, se draaie dûbelde of trijedûbelde tsjinsten, en der binne minsken dy't fallyt gien binne, of harren libbenswurk foar har eagen ynstoarten seagen: ik bin der echt noch genedich foarwei kommen. Dat is allegearre wier, mar dat betsjut net dat wat ik krekt opneamd ha minder wier is.

En ik tink dus dat der in protte minsken binne foar wa't it ôfrûne jier swier wie, sûnder dat dat oan 'e bûtenkant te sjen is. Ik soe op dit plak sa graach dizze minsken ek in klopke op it skouder jaan wolle. We ha as Friezen wol de oanstriid om de rêch gau te rjochtsjen, de triennen fuort te stopjen en mar wer troch te gean. Mar ik tink net dat nei in pokkejier as 2020 west hat, it nedich is om stoer te wêzen. Nee, ik bin der ek net goed yn. Mar ferjamme, dit jier libje hat in flinke ynspanning west, foar elkenien.

We ha it oerlibbe, skeind, mar oerein, nei it treinwrak en de strontshow. Ik wol dat jieroersjoch fan de NOS brûke om te begripen wat mysels en ús dit jier oerkaam is. Ik winskje dy noflike feestdagen en in geweldich 2021."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)