Stille Boot Heech ferhuzet tydlik nei Snits; oarsaak brân noch net bekend

24 des 2020 - 06:18

In nachtmerje foar in ûndernimmer. Sa omskriuwt eigener Anton van Wijk de fûle brân dy't ferline wike syn bedriuw De Stille Boot yn Heech folslein fernielde. Van Wijk wennet sels ek yn Heech en koe de brân út syn eigen wenhûs wei sjen. "Je denkt eerst: het zal toch niet, maar het was helaas wel zo."

De brân yn Heech - Foto: CAMJO Media

Eigener Anton van Wijk fan De Stille Boot

Van Wijk hat in drege wike hân. "Je bent de hele nacht in touw. De volgende dag komt al de eerste expert van de verzekeringen. Je bent continu in touw om het eigen bedrijf te redden, daar komt het op neer."

Iedereen wil door, en dan moet je dat proberen, hoe lastig dat misschien ook is.

Anton van Wijk fan De Stille Boot

Hy wol besykje om de ôfspraken mei klanten foar it leverjen fan elektryske motoren en de byhearrende akku's safolle mooglik nei te kommen en sil de aktiviteiten dêrom foarearst trochsette út in bedriuwsgebou yn Snits. "De continuïteit van het bedrijf is nu het belangrijkste, ook voor onze werknemers. Iedereen wil door, en dan moet je dat proberen, hoe lastig dat misschien ook is."

Gjin min jier

Stille motoaren foar boaten binne in groeimerk, seit Van Wijk. "2020 was voor ons, ondanks de corona, helemaal geen slecht jaar. Je merkt dat steeds meer botenbouwers bezig zijn met duurzaamheid."

De ferhuzing nei Snits is, as it oan Van Wijk leit, tydlik. "Heeg is onze plek. Het is ook geweldig hoe de mensen vorige week met ons meeleefden na de brand. We gaan in principe nieuwbouwen op onze oude locatie aan het water."

De dei nei de brân - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mear as in wike nei de fûle brân is der noch gjin dúdlikheid oer de krekte oarsaak. "In je hoofd ben je steeds aan het zoeken naar mogelijke oorzaken", fertelt Van Wijk. Mar oant no ta hawwe ferskate eksperts gjin oarsaak fine kinnen. Nije wike wurdt it plak fan de brân noch ien kear troch in team fan eksperts ûndersocht. Dêrnei wurdt wat der noch fan it bedriuwsgebou oer is sloopt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)