Kânsleas Hearrenfean ferliest fan Feyenoord nei hattrick fan Bryan Linssen

SC Hearrenfean hat de lêste wedstriid fan it jier ferlern fan Feyenoord. Yn Rotterdam waard it 3-0 nei in hattrick fan Bryan Linssen. It is de sande wedstriid op rige dy't Hearrenfean net wit te winnen.
© Orange Pictures
De Friezen einigje de earste seizoenshelte as nûmer acht fan de earedivyzje. Dat is bêst genôch, yn in jier dat begûn mei in dramatyske tarieding. Alle oefenwedstriden gongen ferlern.
De lêste wiken spilet Hearrenfean tige muoisum. Snein ferlearen de Friezen yn eigen hûs fan Heracles Almelo, nei in reade kaart foar Pawel Bochniewicz.
Tsjin Feyenoord wie Hearrenfean no ek net goed genôch. De Rotterdammers wiene folle better. De earste helte bleaun it noch 0-0, mar yn de twadde helte skoarde Bryan Linssen trije kear foar de Rotterdammers: yn de minuten 49, 59 en 90.
Hearrenfean hat gjin momint yn de wedstriid sitten. It ferlies wie folslein terjochte. Dat sei ferslachjouwer Arjen de Boer yn de Kuip.
Feyenoord - SC Hearrenfean 3-0 (0-0). 49. Linssen 0-1, 59. Linssen 2-0, 90. Linssen 3-0.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Hajal (76. Akujobi); Nygren (76. Llanez), H. Veerman en Batista Meier (63. Van der Heide).