Coronaregels en krystpakketten soargje foar topdrokte by fytskoeriers

23 des 2020 - 21:19

It Fryske postbedriuw Post.FRL hat in rekôrwike achter de rêch. It bedriuw hat ferline wike 60 % mear folume oan pakken en pakjes rûnbrocht as ornaris. Neffens Klaas Halma fan it bedriuw komt dat benammen troch de coronaregels.

Fytskoerier Date Burgerjon mei syn bakfyts: "Jou my mar in echte winter yn plak fan dat wiete waar...." - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by it depot fan it postbedriuw

Krystpakketten wurde dit jier net útdield op dy de krystfeestjes op de bedriuwen, mar nei de minsken thús brocht. Mei ynternetbestellingen by winkels hat Post.frl it ek drok. It bedriuw is allinne aktyf op de saaklike merk.

Alle wiken in pear hûndert kilometer

Yn de stêd Ljouwert wurde de bestellingen safolle mooglik rûnbrocht troch fytskoeriers. Benammen yn de binnenstêd is de fytskoerier folle flugger en effisjinter as de bestelbuskes. "De bakfiets is het beste medicijn voor de dieselbusjes", seit fytskoerier Date Burgerjon grutsk. Hy fytst alle wiken wol in pear hûndert kilometer foar de baas, ek yn dizze wiete en donkere dagen foar kryst. "Het is nu veel drukker dan vorig jaar. Het gaat goed. Ik hoop echt dat nog meer bedrijven gaan kiezen voor de fietskoerier."

Klaas Halma jout ek oan dat er bysûnder wiis is mei syn fytskoeriers. "Mei dit waar haw ik grut respekt foar de jonges. Wy wolle dit ferfiersmiddel net mear kwyt. It is duorsum en flot, seker yn de stêd. Foar de lytsere pakjes is it in ideaal transportmiddel."

Nije klanten

Foar it postbedriuw wie 2020 in turbulint jier. Post.FRL ferlear oan it begjin fan it jier in pear grutte klanten, en wie dêrtroch sels twongen om yn te krimpen. Mar it lêste fearnsjier giet it wer crescendo, en dat komt ek troch de coronaregels. "Troch de coronaregels is der gewoan folle mear pakjesferfier as oars. Wy ha der dêrtroch ferskate nije klanten by krigen. Eltse nije klant is in kâns, as de minsken tefreden binne hawwe je kâns dat se bliuwe."

Date Burgerjon jout oan dat er it wurk hiel graach dwaan mei en ek ûnderweis in soad positive reaksjes krijt fan minsken dy't er tsjinkomt. Foar de kommende wiken hat er eins mar ien winsk. In lyts winterke mei kjeld en sinneskyn soe him wol goed út komme. "Dat fyn ik moai fytswaar. Kjeld, dêr kinne je je op klaaie. Reinwetter is folle ferfelender."

(Advertinsje)
(Advertinsje)