Rjochter: Fersekerder mei ferbân en ruften fan eigen apoteker djoerder meitsje

Apotekers en pasjinten hawwe in rjochtsaak ferlern, dêr't se mei besochten om de polisbetingsten fan soarchfersekerder De Friesland oan te passen. De fersekerder wol dat pasjinten helpmiddels sa as ynkontininsjemateriaal en ferbân tenei lanlik bestelle, omdat dat goedkeaper is. De rjochter hat de fersekerder dêr gelyk yn jûn.
© De Friesland
Op dit stuit kinne minsken dy't in naturapolis hawwe noch nei de eigen apoteek om sokke helpmiddels te heljen. Dan kin aanst ek noch, allinnich fergoedet de fersekerder dan net alles.
Apotekers wiene dêr lilk oer, omdat it oant 24 oeren duorje kin foardat it guod by de minsken thús is, as se it bestelle moatte. By de rjochter ha se ek wiisd op de fertrouwensbân dy't pasjinten ha mei de eigen apoteker. Dy soe no ferlern gean.
Troch de útspraak fan de rjochter kinne minsken dy't by De Friesland fersekere binne, de middels allinne noch keapje fan lanlike medyske spesjaalsaken. Neffens de rjochtbank kin dy bestelling net allinne online of fia in app dien wurde, mar ek telefoanysk.
Nynke van der Meulen fan De Friesland sei earder dat it giet it om 50.000 klanten dy't de helpmiddels brûke, dat is minder as 10 prosint fan al ús klanten. De helte fan dy groep krijt it guod al fia de medysk spesjaalsaken, en hieltyd mear minsken dogge dat.
De wiziging yn de polis jildt net allinne foar De Friesland, mar foar it hiele bedriuw Zilveren Kruis, dêr't De Friesland in part fan is. Under oare Interpolis heart ek by Zilveren Kruis. Yn totaal soe de nije wurkwize in besparring opsmite fan mear as 26 miljoen euro yn it jier.