Undernimmers skrikke fan sluting StayOkay Heech: "Dit hat grutte gefolgen"

23 des 2020 - 19:30

Undernimmers yn Heech binne bot skrokken fan de oankundige sluting fan de jeugdherberch yn it doarp. De StayOkay giet op 1 jannewaris ticht. Der soene te min minsken wêze dy't der gebrûk fan meitsje.

Fideo

Undernimmers út it doarp sizze dat de sluting grutte gefolgen hawwe sil. "Minsken dy't hjir fia de jeugdherberch foar it earst komme, komme yn de jierren dernei noch faak wer werom. Dus dat de jeugdherberch no ticht giet, kostet ús aanst in protte toeristen", seit Jan IJben fan de ûndernimmersferiening. De ûndernimmers besykje sa gau as mooglik in nije takomst te finen foar de jeugdherberch.

Yn 2020 wiene der by de StayOkay noch mear as 22.000 oernachtingen. Benammen fan de sylskoalle komme der altyd in protte bern nei de jeugdherberch, mar oare groepen meitsje der ek gebrûk fan. De jeugdherberch bestiet al sa'n 70 jier en hat bewiisd dat er wichtich is foar it doarp, seit IJben. "We hawwe sjoen dat minsken net ien kear nei Heech komme, mar faak meardere kearen. Dat is net allinich goed foar de omset fan de sylskoalle en de jeugdherberch, mar ek foar de rest fan it doarp."

Ien fan de bedriuwen dy't bot profitearret fan de toeristen is de supermerk yn it sintrum fan it doarp. Eigener Richard Langeland hopet dan ek dat der gau in nije ûndernimmer yn it gat springe sil. "Benammen yn it foarjier fernimme we dochs dat der grutte groepen yn it doarp omstappe. Dy komme dan gau efkens by ús binnen foar in fleske wetter of wat lekkers."

De ûndernimmersferiening is mei Pleatselik Belang yn oerlis oer hoe't se it ferlies fan de jeugdherberch opfange kinne. Se wolle sa gau mooglik in alternatyf plan hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Heech Stayokay
(Advertinsje)
(Advertinsje)