Ferbod op sânwinning yn Iselmar kin sânwinner net keare: Koninklijke Smals jout net op

23 des 2020 - 18:33

Sânwinner Koninklijke Smals sjocht net definityf ôf fan de plannen om foar de kust fan Gaasterlân yn de Iselmar sân te winnen. Dat lit it bedriuw witte yn in reaksje op it nijs dat de gemeente De Fryske Marren de sânwinning ferbiede mocht. It bedriuw hie it ferbod oanfochten by de Ried fan Steat, mar dêr hat de gemeenteried gelyk krigen.

Foto: Koninklijke Smals

Smals wie nei de heechste rjochter fan it lân stapt, omdat it bedriuw fûn dat de gemeenteried mei it ferbod in polityk spultsje spile hat, yn oanrin nei de provinsjale ferkiezingen. Wjerstân út de streek hie neffens it bedriuw gjin rol spylje mochten. De Ried fan Steat hat dy argumintaasje fan tafel fage.

Smals lit no witte dat harren betrouwen yn de helberens fan de plannen nei de útspraak allinnich mar tanaam is. "Wij blijven vertrouwen hebben in nut en noodzaak van onze plannen, zowel op het gebied van de winning van bouwgrondstoffen als op het gebied van natuurversterking en ecologie. Hierbij blijven wij de komende periode de dialoog aangaan met belanghebbenden en betrokkenen", seit Marloes Herms fan it bedriuw. Smals bestudearret de útspraak om te sjen hokker stappen oft der noch naam wurde kinne.

Underwylst tinke sawol de gemeente as de aksefierders dat dizze útspraak eins de ein betsjut fan de plannen fan Smals. Baukje Miedema fan de aksjegroep Murns tinkt dat it no makliker wurdt foar gemeenterieden om plannen yn natuergebieten te kearen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)