FIDEO: Thúsakademy oer de histoarje fan winterfeesten: Wêrom ite we safolle mei de krystdagen?

24 des 2020 - 06:05

Yn it foarearst lêste kolleezje yn de rige Thúsakademy fertelt professor Rolf Bremmer oer de skiednis fan saneamde winterfeesten. Oan de foarjûn fan de Krystdagen siket hy de mienskiplike dieler. It binne feesten fan oerfloed, seit er. Minsken fiere dat it iten klear leit.

Al sûnt ûnheuchlike tiden hawwe minsken oanlieding socht om feest te fieren wannear't de dagen koarter en de nachten langer wurde. Kearzen geane oan, toartsen wurde ûntstutsen, fjoerbeakens ljochtsje op tsjin de tsjustere winterhimel.

Ek al feroarje mei de tiid de godstsjinsten, de feesten der omhinne bliuwe stean. Meastentiids wurdt sa'n feest dan wol yn in nij jaske stutsen en wurdt der in nije oanlieding oan jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)