Sven Kramer: "Thialf is kil"

23 des 2020 - 15:55

Neffens Sven Kramer soe it moai wêze as de polityk him bemuoit mei de kwaliteit fan it iis yn it Thialfstadion. Dat seit er yn oanrin nei it WK-kwalifikaasjetoernoai. Begjin desimber joech Kramer mei oare reedriders oan dat de kwaliteit fan it iis net goed is. "Ik gean net oer de kwaliteit fan it iis, mar it soe moai wêze as net allinnich de reedriders har dêr soargen oer meitsje."

Foto: Orange Pictures

Kramer stjoerde earder al in brief nei de Ried fan Kommissarissen fan Thialf. Dêryn utere er syn ergernissen oer it iis en foaral oer de minsken dy't de iismasine, de zamboni, bestjoere. Hy sei doe "dat se gjin idee ha wat se dwaan moatte".

It iis is yn de tuskentiid wol better wurden, fynt Kramer, mar noch net konstant genôch. "It soe moai wêze as der wat oan dien wurdt. Mar sjoch, ik lis de iismasters ek net út hoe't sy it iis meitsje moatte. Sy fertelle my ek net hoe't ik ride moat, sa fertel ik harren ek net hoe't se harren wurk dwaan moatte. Ik kin it allinnich oanjaan en dat ha ik dien."

Prate en ride

Sven Kramer fynt dat de bestjoerders en de polityk harren ferantwurdlikheid nimme moatte. Sa hat er praat mei wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean. "Mar ja, witst, ik ha der eins hielendal gjin sin oan om no oer it iis te praten. Ik ha oer trije dagen in belangryk toernoai. Mar ik ha yntusken wol in petear hân mei Zoetendal, ja. No soe it moai wêze as de polityk it oppakt. De gemeente is fansels oandielhâlder (krekt as de provinsje, red.) en dan hoopje ik dat in Zoetendal, mar ek in Sander de Rouwe (deputearre, red.) wat dogge. It is no fierder net oan my."

Zoetendal lit yn in reaksje witte dat er de diskusje net yn de media spylje wol en dat Kramer by de iismasters wêze moat.

Freonliker yn Ljouwert

Kramer bliuwt lykwols wol kritysk, foaral op it bestjoer fan Thialf: "It hie se sierd as se it serieus nimme soene. De direksje sit boppe efter in raamke en komt hast net nei it iis ta. Se stean net mei de fuotten yn de drek. Yn Ljouwert is it bygelyks waarmer. Se binne dêr freonliker. Der is begryp en respekt foar elkoar, yn Thialf is it kil."

Kramer konsintrearret him no op de sport, mar bliuwt wol kritysk. "Ik bin ien fan de minsken dy't foar syn sport stiet en dan bin ik lestich. Ik wol gewoan dat der in goede iisflier leit. Der stiet hjir in iisbaan fan tachtich miljoen plus. Dy moat gewoan in goeie iisflier ha. We ha gjin tiid om oan elkoar te wennen. Ik moat oer in jier prestearje op de Olympyske Spelen."

Pike op it WK-kwalifikaasjetoernoai

Tusken 26 en 28 desimber binne der ferskillende tickets te ferdielen. Sven Kramer rydt sneon de 5000 meter, snein de 1500 meter en moandei de 10 kilometer. De WK-titels wurde pas letter yn jannewaris en febrewaris ferdield, mar Kramer moat no al goed wêze. "De pyk leit no al by dit toernoai. Ik kin it my net permittearje om no net goed te wêzen. De foarm liket goed."

Kramer ried ferline wike in persoanlik rekôr op de 3000 meter. "Mar ik moat eltse dei wol ôfwachtsje hoe't de foarm is en hoe goed ik my fiel. Dat is echt alle dagen oars."

Wat stiet der op it programma en watfoar tickets binne der te ferdielen?

  • EK allround (16-17 jannewaris): de earste twa reedriders oer in klassemint fan de 1500 meter en de 3000 meter by de froulju en de 5000 meter by de manlju pleatse harren foar it EK allround. Antoinette de Jong en Patrick Roest ha harren op it NK Allround al pleatst;
  • EK sprint (16-17 jannewaris): de earste twa oer in klassemint fan de 500 meter en de 1000 meter pleatse harren foar it EK allround. Jutta Leerdam en Hein Otterspeer ha harren op it NK Sprint al pleatst;
  • Twa World Cups (22-24 en 29-31 jannewaris): de bêste fiif op eltse ôfstân pleatse harren foar de wrâldbekers. Allinnich de 5000 meter foar de froulju en de 10.000 meter foar de manlju wurde net ferriden op de wrâldbekers;
  • WK ôfstannen (11-14 febrewaris): de bêste trije op eltse ôfstân pleatse harren foar it WK. Allinnich op de 1000 meter en 5000 meter by de manlju moat Nederlân op de wrâldbekers noch in tredde WK-ticket ôftwinge.

Alle wedstriden wurde yn it Thialfstadion hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)