FUMO fiert mei drone ynspeksjes út

23 des 2020 - 15:45

De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing sil in jier lang in drone brûke by it tafersjoch op it neilibjen fan natuer- en miljeuwetjouwing yn Fryslân. De drone wurdt ûnder oare ynset foar it meitsjen fan detaillearre loftfoto's, it observearjen fan natuergebieten en it opspoaren fan yllegale aktiviteiten.

Foto: Omrop Fryslân

Fan de loft út kin de drone in 3D-opname meitsje. Dêrmei kinne se it folume fan objekten sekuer berekkenje, sa't tafersjochhâlders sjen kinne oft der net mear (miljeugefaarlike) stoffen opslein binne as wat tastien is.

Dronepiloaten

Fjouwer tafersjochhâlders binne oplaat ta dronepiloat. Se witte hoe't se de drone bestjoere moatte, mar ek wat de regels en foarskriften binne dy't jilde by it brûken fan in drone. Ek hat de FUMO in tal oanfoljende gedrachsregels opsteld.

Gedrachsregels

Yn dy regels stiet ûnder oare dat eigeners en hierders fan perselen yn prinsipe fan tefoaren ferteld wurdt oer it plande tafersjoch en dat net-relevante kamerabylden ferwidere wurde. Om de privacy fan belutsenen te beskermjen is der in Data Protection Impact Assessment opsteld.

As de resultaten oan de ein fan it jier posityf binne, wurdt it dronetafersjoch ferlinge en eventueel útwreide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)