226 nije coronabesmettingen fêststeld

23 des 2020 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 226 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 30 mear as tiisdei, doe't der 196 fêststelde besmettingen meld waarden. Oer de ôfrûne sân dagen sjoen wurde der alle dagen gemiddeld 256 nije besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne woansdei de measte nije besmettingen meld, nammentlik 60. Dêrnei komt de gemeente Ljouwert mei 31. Ek opfallend is it hege tal besmettingen yn Achtkarspelen: 17. Tiisdei wiene it dêr ek al 14.

Der binne gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan corona en ek gjin nije sikehûsopnamen.

Lanlik binne woansdei 10.447 nije besmettingen meld. Tiisdei wiene dat der 9.853.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)