Gemeente Harns komt brune float, hoareka en sportferienings yn 'e mjitte

23 des 2020 - 14:43

De gemeente Harns komt de brune float, hoareka en sportferienings yn 'e mjitte yn de coronakrisis. Sa hoecht de brune float yn 2021, krekt as yn 2020, gjin haven- en kadejilden te beteljen. De hoareka hoech gjin prekario te beteljen foar syn terrassen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De gemeente stelt ek 10.000 euro beskikber foar ûndersyk nei in fûns foar it farrend erfgoed. Sportferienings hoege takom jier gjin hier te beteljen foar de perioade dat de akkommodaasje net yn gebrûk west hat.

Wannear't ynstellings harren oanslach of hier net betelje kinne, wol de gemeente ek helpe troch tegearre nei oplossings op maat te sykjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)