Plysje Noard-Nederlân: yn 2022 formaasje en besetting yn lykwicht

23 des 2020 - 13:00

De plysje Noard-Nederlân werkent him foar in part yn de konklúzjes fan de omroppen RTV Drenthe, Omrop Fryslân en RTV Noord, dy't melde dat der grutte kapasiteitsproblemen binne it korps mar net oplost wurde.

Plysje Noard-Nederlân: yn 2022 formaasje en besetting yn lykwicht

De korpslieding erkent dat in soad minsken op de wurkflier it bestean fan de oerbesetting net werkenne. "Voor veel agenten is het niet uitlegbaar dat er in de eenheid meer mensen werken dan de formatiecijfers toestaan gegeven het aanwezige werk."

De wurkdruk ûntstiet neffens de plysje troch ferskillende ûntwikkelings. "Het gaat om 'nieuwe' criminaliteit zoals cybercrime, WhatsApp-fraude, ondermijning en de nieuwe aanpak met multidisciplinaire interventieteams, maar ook mega-onderzoeken."

Foaral de 24-oerstsjinsten fiele de wurkdruk. Tink oan de meldkeamer, de aginte op strjitte, de meiwurkers yn de arrestantekompleksen.

Kwaliteitsferlies

Benaud foar kwaliteitsferlies is de plysje ek net as der in soad ûnderfining ferdwynt trochdat in soad meiwurkers mei pensjoen gean. "Dat gebeurt in ieder bedrijf. En er zijn dit jaar weer meer studenten toegelaten bij de politieopleiding die in ook de toekomst het werk kunnen doen", leit plysjesjef Gery Veldhuis út.

Fakatueres

Dêrneist wurde der ek noch hieltyd fakatueres iepensteld as der plakken frij komme op spesjalistyske funksjes. "Doordat we een goed overzicht hebben van uitstroom en instroom kunnen we snel anticiperen om kwaliteit te waarborgen. Bovendien zijn de zittende medewerkers competent en hebben voldoende ervaring."

Gery Veldhuis, plysje Noard-Nederlân fertelt wat se docht oan de oerbesetting

(Advertinsje)
(Advertinsje)