Plysje fynt yllegaal fjoerwurk yn Hylpen; jonge fertochten oanhâlden

23 des 2020 - 12:48

De plysje hat yn Hylpen swier yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. It ôfrûne wykein kamen der meardere klachten fan lûdsoerlêst binnen, wêrnei't de plysje ûndersyk ynstelde. Dêrby waarden opfallend jonge fertochten oanhâlden.

Foto: Instagram pol_bolsward

By it ûndersyk waard 6,5 kilo oan illegaal fjoerwurk yn beslach naam, wêrûnder nitraat, flinterbommen en kobra's. It ûndersyk rint noch yn ferskate plakken, seit de plysje.

Opfallend neamt de plysje de jonge leeftyd fan de fertochten. Hoe âld oft se binne, is net dúdlik. Neffens de plysje wurdt it yllegale fjoerwurk fia sosjale media hiel ienfâldich oanbean oan bern dy't mar dreech wjerstân biede kinne tsjin dy ferlieding.

De plysje ropt âlden dêrom op om te kontrolearjen oft harren bern fjoerwurk hawwe en as dat it gefal is dat te melden by de plysje, om oerlêst of ûngelokken foar te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)