Alle 89 fundearringspeallen fan Wynpark Fryslân de grûn yn

De allerlêste fundearringspeal fan Wynpark Fryslân is woansdeitemoarn de grûn yn gien. Begjin septimber gie de earste fan 89 fundearringspeallen de boaiem fan de Iselmar yn. It wynpark sil griene stroom leverje oan sa'n 500.000 húshâldens en kostet úteinlik 850 miljoen euro.
© Joachim de Ruijter
Neist de 89 wynturbines yn de Iselmar komt der by Breezanddijk in transformatorstasjon en by Koarnwertersân in wurk- en natuereilân.
Der wurdt no wurke oan de oanlis fan stroomkabels yn de Iselmar. De kabels komme twa meter yn de boaiem te lizzen en ferbine de wynturbines en it transformatorstasjon mei elkoar.