Skouboarch De Lawei jout goed 500 krystmielen oan de Voedselbank

23 des 2020 - 12:00

De Voedselbank krijt goed 500 krystmielen fan De Lawei yn Drachten. Mei eltse ferkochte 'Kerstdinerbox', in doaze mei in trijegongendiner dat thús opwaarme wurde kin, jout de Drachtster skouboarch ek in krystmiel oan de Voedselbank. Harren doel wie om 450 doazen te ferkeapjen, en dat hawwe se dus mear as helle.

Foto: De Lawei

De organisaasje sels hie net tocht dat der sa folle fraach wêze soe nei de boxen. "Dat het zo storm zou lopen hadden we niet durven hopen", seit Alfred Matthijssen, haad bedriuwsfiering fan De Lawei. Mei it ferkeapjen fan goed 500 mielen, binne se dan ek kompleet útferkocht.

Ekstra donaasje

Keapers fan it trije gongen miel krigen ek de opsje om noch fiif euro oan de Voedselbank te donearjen. Dêrmei hat De Lawei nochris 750 euro ophelle. It bedrach wurdt op 30 desimber oan it bestjoer fan Voedselbank Smallingerland jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)