Undernimmers yn lockdown: 'Wy geane gewoan troch, mar dan mei de doarren ticht'

23 des 2020 - 11:32

In boekhannel yn in krysttiid sûnder minsken: it fielt wat ûnwennich oan. "Het is heel stil en kaal. De boeken zijn heel mooi en levendig, maar er zit geen beweging omheen", seit Anneke Jager, mei-eigener fan Boekhandel Burgum. It gefaar fan de lockdown is dat in protte minsken harren boeken by de online boekereuzen keapje. Lytsere boekesaken lykas dy yn Burgum wurkje dêrom hurd om har klanten te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Jager hie net ferwachte dat se ticht wêze soe om dizze tiid. "Die maandag, toen heb ik eigenlijk nog steeds gedacht: wij zijn een essentiële winkel, wij blijven vast open."

Yn maart mochten de boekwinkels iepen bliuwe, om't se kranten ferkeapje. "Dat was de joker, de mensen hebben recht op nieuwsgaring. Ik ben er eigenlijk steeds van uit gegaan dat we open zouden blijven. Toen die maandagavond bleek dat we dicht moesten, ik kon het eigenlijk echt niet geloven."

Lang stilstien hawwe Jager en it personiel lykwols net. "We gaan gewoon door natuurlijk, maar dan met de deuren dicht." Se hiene foar de tiid al it plan dat, mochten se ticht moatte, se boeken besoargje soene. "De dames doen Burgum op hun fietsje, en Franke, mijn 'oare helte', die doet buiten Burgum met het busje."

In protte mear wurk

Minsken hawwe dan ek fuort bestellingen pleatst, sa seit de boekhanneleigener. "Ik had die dinsdag stapels reserveringen via de website en gewoon via de mail. Ik kon meteen aan de slag. Maar het is wel heel bewerkelijk." It duorret nammentlik folle langer om in bestelling te ferwurkjen as wannear't minsken oan de kassa komme om te beteljen.

"Dat uitzoeken is nog wel eens een gedoe, bijvoorbeeld wanneer ze het bestellen onder één naam, en betalen onder een andere." En dan moatte de boeken ek noch besoarge wurde: "Mijn collega heeft dinsdag wel 35 kilometer door Burgum gefietst, en Franke die is gister nog in Oentsjerk en Oudega geweest. Het is heel tijdrovend."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Anneke Jager fan Boekhandel Burgum

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Der steane alwer in protte bestellingen klear om rûn te bringen. Boeken as 'Martien', oer it libben fan Martien Meiland, ferkochten dit jier goed. "En voor rond deze tijd is 'De meeste mensen deugen', van Rutger Bregman ook mooi."

De hiele wrâld oer

Jager fertelt dat minsken in soad boeken foar harsels bestelle, om de frije dagen troch te kommen. "De grote bestseller, voor zover je van een bestseller kunt spreken in deze tijd, is 'Het Grote Bosatlas Puzzelboek'. Een heel leuk boek met vragen over de hele wereld, je kennis wordt op de proef gesteld." It liket hast wol in ferfanging fan de reisgidsen, dy't no fansels net in soad ferkocht wurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman en Anneke Jager oer de bestsellers

(Advertinsje)
(Advertinsje)