Undersyk: Fryske froulju kieze minst faak foar rêchprip

Froulju yn Fryslân kieze relatyf sjoen it minst faak foar in rêchprip by de befalling. It giet hjirby om de saneamde epidurale rêchprip. Fan 2015 oant en mei 2019 keas mar 13,5 persint fan de Fryske froulju foar epidurale pynstilling by harren befalling, wylst dat lanlik 20,1 persint wie. Dat docht bliken út in analyze fan ferlikingsburo Independer.
De epidurale rêchprip wurdt sjoen as de effektyfste foarm fan pinebestriding by de befalling, mei de minste kâns op komplikaasjes.
By de goed 840.000 befallings yn Nederlân fan 2015 oant en mei 2019, keas 20,1 persint fan de froulju foar in rêchprip. Dat is in stiging yn ferhâlding ta 2010, doe lei dat persintaazje op likernôch 16.
De fraach wie dus it lytst yn Fryslân, mei 13,5 persint. Yn Limboarch wie dy fraach it heechst: dêr keas goed 27 persint fan de froulju foar de prip.
Yn Fryslân waarden fan 2015 oant en mei 2019 goed 29.000 poppen berne. 80,1 persint dêrfan kaam op 'e wrâld yn it sikehûs. Dat is leger as it lanlik gemiddelde fan 84,4 persint. Fan de Fryske froulju dy't yn it sikehûs befoelen, keas 16,8 persint foar in rêchprip, lanlik wie dat 23,9.