Provinsje moat opnij sjen nei beswier tsjin ôfsjitten fan guozzen

De Fûgelbeskerming is yn it gelyk steld yn it ferset tsjin it ôfsjitten fan oerwinterjende pauguozzen, skiere guozzen en kolguozzen yn Fryslân. De provinsje Fryslân moat de beswieren fan de Fûgelbeskerming opnij beoardielje, seit de rjochtbank. It ôfsjitten fan op syn meast 150.000 guozzen giet wol troch: dat hoecht om de rjochtbank net direkt op te hâlden. De Fûgelbeskerming sprekt fan in 'pyrrusoerwinning'.
© Hans Pietersma
De provinsje hat in tal jierren lyn de saneamde 'winterrêstregeling' foar guozzen skrast. Yn stee dêrfan wurde alle winters guozzen ôfsketten. Yn de ôfrûne jierren wienen dat alle kearen 200.000 guozzen. Dit jier leit it maksimum op 150.000 guozzen.
Yn de praktyk wurde sa'n 50.000 guozzen ôfsketten, lykas kolguozzen. De Fûgelbeskerming fynt it net akseptabel dat it tastien is om safolle guozzen ôf te sjitten.

Tsjin skea oan gerslân

Guozzen wurde alle winters ôfsketten om skea oan gerslân foar te kommen. Neffens de Fûgelbeskerming is dat net nedich: tusken 1 novimber en 1 maart groeit der hast gjin gers en kin it gers net rispe wurde, seit de organisaasje. It gers dat net rispe wurde kin, wurdt ek net fergoede.
Neffens foarriedige sifers fan BIJ12-Faunazaken wie der ôfrûne winter foar sa'n 10 miljoen euro skea.

Ek by natuergebieten

De provinsje seit dat it doel is om guozzen te ferjeien nei foerazjeargebieten, mar neffens Fûgelbeskerming krije jagers te folle romte om ek op de bisten te sjitten. It sit de Fûgelbeskerming ek dwers dat flakby Natura 2000-gebieten op guozzen sketten wurdt. "Op de slaapplaatsen zelf mag niet gejaagd worden, maar vlak erbuiten wel."
Neffens Ruud van Beusekom fan de Fûgelbeskerming gie it ferline jier om mear as 30.000 guozzen dy't ôfsketten binne. "En dat is op een totaal aantal van 290.000 ganzen dat overwintert in de provincie. Dat vinden wij heel erg veel, dat is zo'n twaalf procent. Daar maken we ons zorgen om."

Populaasjebehear

Van Beusekom ferfolget dat de provinsje seit dat it harren net om populaasjebehear giet, mar om it ferjeien fan de guozzen nei oare gebieten. Om't it lykwols wol om tolve prosint fan alle guozzen giet, liket dat wol mei te spyljen. "Je ziet ook dat het aantal ganzen in Fryslân de laatste jaren afneemt, terwijl het de bedoeling is om ze te verjagen van de percelen waar ze schade zouden maken naar andere gebieden. Dat kan ook op andere manieren."
De Fûgelbeskerming tinkt noch nei oer in heger berop. Se hiene it leafst hân dat de rjochter fuortendaliks bepaald hie dat der net mear op guozzen sketten wurde mei.
Ruud van Beusekom fan de Fûgelbeskerming