Ried fan Steat hellet definityf streek troch sânwinning Koninklijke Smals yn Iselmar

23 des 2020 - 10:29

De striid om sânwinning yn de Iselmar by de Ried fan Steat is wûn troch gemeente De Fryske Marren. De beswieren fan sânwinner Koninklijke Smals by it heechste rjochtskolleezje fan ús lân tsjin it beslút fan de gemeente om gjin tastimming te jaan foar de plannen hawwe it net helle. In mearderheid fan de gemeenteried stimde begjin 2019 tsjin it fêststellen fan it bestimmingsplan dat de sânwinning foar de kust fan Gaasterlân mooglik meitsje moast.

Ried fan Steat hellet definityf streek troch sânwinning Koninklijke Smals yn Iselmar

De gemeenteried fan De Fryske Marren stimde yn febrewaris 2019 tsjin de sânwinningplannen fan Royal Smals. Dat bedriuw woe tritich jier lang twa miljoen kúb sân winne foar de oanlis fan bygelyks diken. Dat sân soe sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum wûn wurde. It kolleezje yn de gemeente foel nei oanlieding fan de kwestje. Koälysjepartij FNP stimde tsjin, wylst CDA en VVD foar stimden. Dat betsjutte in brek yn fertrouwen.

Neffens Royal Smals wie dat beslút basearre op de miening fan 'de bangen en de bozen' en wie dêr gjin inkeld deugdlik bewiis foar. It bedriuw hie al miljoenen ynvestearre yn de plannen foar de sânwinning yn de Iselmar.

It wichtichste argumint fan Smals tsjin dit beslút wie dat de gemeenteried in polityk spultsje spile hat mei it each op de provinsjale ferkiezings en dat wjerstân út de streek gjin rol spylje mocht; de ried hie allinnich nei de romtlike oardering sjen moatten.

Yn de útspraak krije sy gjin gelyk, want de gemeenteried hat dêr neffens de Ried fan Steat wol deeglik nei sjoen. 'En der is neat mis mei in gemeenteried dy't harket nei de tsjinstanners fan it projekt yn de streek', oardielet de Ried fan Steat.

Natuer

De sânwinner fûn fierder dat de gemeente harren projekt net ôfsjitte koe fanwege de negative effekten op de natuer. Foaral neidat de provinsje hjirfoar al grien ljocht jûn hie. Mar de Ried fan Steat fynt dat de gemeenteried dy romte wol hat as dat mar mei goede arguminten bart. Ek omdat fêststiet dat der wol negative effekten binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)