Sjinkie Knegt bout mei oare shorttrackers in iisbaan yn syn tún

Reedriders Sjinkie Knegt, Suzanne Schulting, Kjeld Nuis en Dai Dai N'tab sille in iisbaan bouwe. De iisbaan komt yn de achtertún fan Knegt. Hy kin him dan thús 'tariede' op it NK allround shorttrack. Knegt is hjirmei de earste dy't in eigen iisbaan yn syn tún hat.
© House of Sports - GAMMA
De bysûndere iisbaan, Sjinkie's IJspaleis, is it startskot foar bouketen Gamma as nije partner fan reedridend Nederlân. Neist partner fan dizze sporters wurdt Gamma eventpartner fan alle reedrydeveneminten yn sawol it langebaanriden as shorttrack.
De gearwurking rint yn elts gefal oant en mei de Olympyske Spelen yn Beijing yn 2022. "Geweldich dat we tegearre mei Gamma in reedrydbaan yn myn achtertún boud hawwe. Dan kin ik ek einliks thúswurkje", seit Knegt mei in knypeach. It giet om in ludike aksje om it thúswurkjen ûnder de oandacht te bringen. De baan is net geskikt foar echte trainingen.