Kollum: "Fuort"

23 des 2020 - 08:45

"Kryst is de tiid om oer dit kloatejier 2020 nei te tinken, we hawwe dochs neat oars te dwaan. Einkonklúzje: we meie dan wol net fan it plak, mar der bin likegoed in soad dy't fuort moatte.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Yn elk gefal de kening. Twa kear ferûntskuldigingen foar eigen dom reisgedrach oanbean. As je no nóch net witte dat je in foarbyldfunksje hawwe, dan funksjonearje je net. Lit we dan ek mar, sjoen de kosten, it hiele keningshûs op 'e dwinger smite. Dy Bernhard kin it spul wol ûnderhâlde fan wat wy him oan hier betelje.

Rutte moat ek fuort. Hy begrypt ús coronafrustraasje, mar it set gjin siedden oan de dyk. Hy wurdt fansels ek yn de sek naaid troch de media: as hy seit dat de kroech ticht moat, bin der daliks 17 kroechbazen dy't sizze dat Rutte net doocht en dat Schiphol mar ticht moat. Logysk, want ien dy't op Schiphol stiet komt net yn de kroech.

It hiele kabinet die trouwens neat mear as sneins gesellich mei elkoar yn it Catshuis sitte, Rutte as statussymboal yn spikerbroek op it fytske. We krigen der inkeld hieltyd mear corona fan. En hiel Europa is al prikt, wy pas heal jannewaris. Fuort mei dy rommel.

Dat wit dy rommel trouwens sels ek wol. Elkenien draait der mar wat omhinne, mar frijwol elk is ek skurf oan de taslagge-affêre. Se moatte no earst elk slachtoffer dûbeld en dwers jild jaan. Net oer fjouwer moanne, foar de Kryst. Persoanlik, op de knibbels. Der net ynkomme. Want dêrnei fuort wêze, we wolle harren net mear sjen of hearre. En ek dy dwerse amtners opsoademiterje. Us mar jild ôftroggelje foar wat it Ryk neamd wurdt, mar it ek al is.

No sizze guon minsken dat der allegear nije ljochten klearsteane foar Den Haag. Allegear yn nije partijen ek noch. De oarloggen dy't se fierd hawwe om sa fier te kommen hingje my de strôt út. Al dy ienlingen mei grutte bek. Dat famke Femke dat út de PvdD stapte, neamt harsels no Splinter. Tekenjend. Us boargemasters moatte yntusken allegear embryo's opswylje om foar elk dy trijedûbele ferkiezingslisten mei 81 partijen út te tearen. Fuort mei al dy dwaalljochten. Wa't minder as tsien sitten krijt, komt de Keamer net yn.

Germ Gerbrandy is al fuort út dy oare Keamer. It is him te drok oan de holle, wylst er noch twa jier jonger as my is. Bêst, mar om dan de sneins dêrop foar de radio te roppen dat je in Fryske akte hawwe móátte as je hjir ûnderwiis jouwe, dat is dom. As je soks sizze is der hielendal gjin tiid mear om je pream te tarren, want dan kom je yn de einleaze diskusje oer it Frysk.

Sûnder mis sil de provinsje syn wurden hifkje, besjen en dan in kommisje ynstallearje om it neier te bestudearjen. Yn Fryslân giet nammentlik noait wat ferkeard, want der bart neat. Se beseffe net dat gjin beslissing ek in beslissing is. Arno Brok hat tiid sêd om dat ris folle hurder oan te stjoeren. Hy is al flechte yn it belied fan it Waad, dan hat er dochs wat te dwaan. Hy hat ek al frege om wer baas fan de Veiligheidsregio te wurden. Ferrassend, dat ha ik al dy oare kommissarissen net sizzen heard.

Buma is dat no. Dy moat yndied dêr mar wei. Want no moat Ljouwert presys dwaan wat de oare gemeenten mienskiplik bepale, want Buma kin dan net mear wat oars sizze. Dus wurdt der nije wike karbidsjitten yn Ljouwert.

As we it dochs oer gemeenten hawwe. Harry Oosterman giet ek fuort. Hiele aardige jonge, mar syn hantsje is te lyts om in fûst te meitsjen om regaad te hâlden yn dwerse Stellingwervers. Oan de oare kant, Ynze de Vries yn Drachten hat wol sa'n fûst, mar at de boel yn de krûkels leit, wurket it ek net. Allegearre fuort.

Hawwe jim it heard? Ik bin der wis fan dat der minsken ynstimmend sieten te knikken doe't se dit hearden of liezen. Sjoch jim dan wol hoe maklik it tsjintwurdich is om minsken de dyk op te krijen lykas yn Twizelerheide en Hearrenfean, om mienskiplik de corona, plysjes en politisy te bekûgeljen mei holle seurwurden en lege bryfkes."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)