Plysje Noard-Nederlân byt tosken stikken op personielsproblemen

23 des 2020 - 08:00

De plysje Noard-Nederlân krijt de grutte kapasiteitsproblemen mar net oplost. Jierren fan gearkomme hat hast gjin resultaat oplevere. Dat docht bliken út dokuminten dy't yn hannen binne fan RTV Drenthe, Omrop Fryslân en RTV Noord.

Foto: ANP

Al jierren hat de plysje Noard-Nederlân te folle minsken op de leanlist stean. It giet dan benammen oer in oerskot fan wykaginten yn it Noarden. Dat docht bliken út de dokuminten dy't de omroppen krigen ha nei in fersyk op basis fan de 'Wet openbaarheid van bestuur' (Wob) by de plysje.

It is in erfenis fan de komst fan de Nationale Politie begjin 2013. De korpsen Drinte, Fryslân en Grinslân waarden doe omfoarme ta de plysje-ienheid Noard-Nederlân. Lanlik waard bepaald út hoefolle banen oft de nije ienheden bestean moasten. Foar Noard-Nederlân pakte dat min út: der moasten sa'n 300 folsleine banen skrast wurden. Dêr krige it korps yn 2013 fiif jier de tiid foar, mar de oerbesetting is noch net fuort.

Undersykssjoernalist Hjalmar Guit fan RTV Drenthe

211 plysjemeiwurkers te folle

Ut de meast resinte sifers docht bliken dat de oerbesetting wat weromrûn is nei 211 yn augustus fan dit jier. Dizze delgong hat him yn april fan dit jier ynset. Neffens de plysje is dizze delgong allinnich te ferklearjen troch leeftiidsbûne útstream, minsken dy't mei pensjoen geane of gebrûk meitsje fan in 'vervroegde' úttredingsregeling dy't yn april fan dit jier yngien is. De plysje lit witte dat dizze delgong net komt troch rjochte aksjes om de oerbesetting fuort te wurkjen.

Sjoch hjirûnder nei de oerbesetting fan de plysje Noard-Nederlân sûnt 2017:

In plysjeman dy't al syn hiele libben by de plysje wurket, befêstiget tsjin Omrop Fryslân it ferhaal fan de oerkapasiteit, mar neffens him is it yn de praktyk hiel oars mei de besetting by de plysje. Fanwege syn baan en posysje wol hy anonym bliuwe.

"Dit is nog maar het begin van alle ellende"

Nettsjinsteande de oerbesetting, binne der grutte tekoarten, seit de anonime boarne. "Over de hele linie kampen we met tekorten, de roostermakers vullen gaten met gaten. En dit is nog maar het begin van alle ellende, het wordt alleen maar erger". Hjirmei doelt hy op it gegeven dat der troch oerkapasiteit 'allinnich noch mar minsken út moatte'.

It korps neamt dat 'scheefgroei'. Der is fierstente min beweging ûnder it personiel. 'Het werk zit niet, waar de mensen zitten', wûrdt gauris konkludearre yn de notulen fan managementpetearen.

Ien fan de ôfdielingen mei in tekoart is de resjerzje. Neffens de plysjeman kin dy de wurkdruk net mear oan. Geregeld wurde saneamde swierdere saken oerdroegen oan 'gewoane' aginten omdat de resjersjeurs der sels net mear oan takomme. It giet bygelyks om urginte fermissingen. 'Hap-snap-werk', sa omskriuwt de agint de rol fan de resjerzje yn Noard-Nederlân. Hjirtroch soene ûndersiken stil komme te stean en de help oan boargers kin net mear nei winsk oanbean wurde.

Als we dan in actie moeten komen, worden we op de meldkamer begeleid door iemand die nooit op straat heeft gewerkt en geen 'blauwe' ervaring heeft.

Agint dy't anonym bliuwe wol

Ek op de noardlike meldkeamer en de oanjeftebalys sit te min personiel, docht bliken út de dokuminten. Om it tekoart oan sentralisten op te fangen wurde boargers oplaat. "En dat merken we in noodsituaties. Als we dan in actie moeten komen, worden we op de meldkamer begeleid door iemand die nooit op straat heeft gewerkt en geen 'blauwe' ervaring heeft. Dat gaat geregeld mis, bijvoorbeeld omdat de centralist de verbinding verbreekt of gewoon geen idee heeft wat ie moet doen."

Al mei al sketst de agint in alarmearjend byld. "Daar komt nog bij dat er veel politiemensen uit onvrede vertrekken, bovenop de natuurlijke afvloeiing. De zorgen nemen alleen maar toe."

Foto: Kappers Media

Fakbûn net optimitysk

Yn in reaksje op it ûndersyk fan de omroppen wize de plysjefakbûnen derop dat it oerskot fan wykplysjes yn de praktyk net te fernimmen is. "Wij komen ook teams tegen die op papier boven de sterkte zitten, waarbij de roosters door een combinatie van ziekte en allerlei vormen van verlof toch niet rond te krijgen zijn. De boventalligheid wordt door de gigantische werkdruk niet gevoeld", sa stiet yn in reaksje fan plysjebûnen NPB en ACP.

Optimistysk oer de kâns dat de oerbesetting de kommende jierren wol fuortwurke wurdt, binne de bûnen net. "Door de hoge werkdruk en onderbezetting in de politiebasiszorg worden wijkagenten teveel in de noodhulp ingezet. Het in de wijk aanwezig zijn wordt alleen maar lastiger als boventalligheid terugloopt."

Letter op 'e dei komt de plysje mei in reaksje op it ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)