Ate van der Zee fan it ROAZ: 'Noardlike ic's stean flink ûnder druk'

23 des 2020 - 06:49

Sikehûzen lizze de net-akute, planbere soarch stil om de grutte groei fan it oantal coronapasjinten oan te kinnen. It giet om soarch dy't net binnen seis wiken needsaaklik is, waard tiisdei bekend. De druk op de intensive cares yn it Noarden is ek flink oan it oprinnen. "De ic's staan zeer onder druk omdat er toch een flink aantal covidpatiënten ligt", leit Ate van der Zee fan it Regionaal Overleg Acute Zorgketen (ROAZ) út.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Der binne neffens Van der Zee altyd noch reserves, mar it is de fraach hoe lang oft dy genôch binne. "Die zijn wel ter beschikking, maar in de komende weken zal het aantal ic-patiënten toenemen."

Gearwurking

De sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurkje gear om de pasjinten yn it Noarden te sprieden. "Er wordt elke dag 's ochtends vroeg gekeken hoe de bezetting op de ic's in de drie noordelijke provincies is en op basis daarvan wordt bepaald welke capaciteit nodig is voor ic-patiënten. De druk neemt af omdat we gezamenlijk die capaciteit hebben vergroot", leit Van der Zee út.

Hoe lang oft it Noarden dat yn dyselde line folhâldt, hinget folslein fan it ferrin fan de coronapandemy ôf. De hurde lockdown dy't op 15 desimber yngie, soe no ûngefear fertuten dwaan moatte en de besmettingsoantallen soene ôfnimme moatte. "Dan zou ook het aantal ic-patiënten naar beneden gaan. Dan weet je ook ongeveer wanneer en hoe hoog de piek is en dan kun je daarop inspelen."

Soarchmeiwurkers ûnder druk

De Noardlike sikehûzen binne no noch yn steat om soarch te leverjen oan alle coronapasjinten. "Maar we willen wel heel graag dat het aantal besmettingen en het aantal coronapatiënten omlaag gaat", seit Van der Zee. Hy neamt de wiken dy't noch yn it fersjit lizze 'soarchlik'. "Met name van de zorgmedewerkers wordt heel veel gevraagd. Zij moeten flink aan de bak, dat baart mij veel zorgen."

It is de bedoeling dat it oantal bêden op de intensivecareôfdielings útwreide wurdt nei 1.450 en der moatte ek wer mear pasjinten nei Dútslân ferpleatst wurde. Van der Zee: "We hopen dat de piek daarmee minder hoog is."

Ate van der Zee fan it ROAZ

(Advertinsje)
(Advertinsje)