Brânwacht rydt út foar brân yn GGZ-ynstelling yn Harns

Yn in GGZ-ynstelling oan de Achlumerdyk yn Harns hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei koart brân west. In oantal keamers hat tydlik ûntromme west.
© CAMJO media
De brânwacht skaalde al gau op nei middelbrân. It giet neffens de brânwacht om in lytse brân en it fjoer wie gau ûnder kontrôle.
In oantal bewenners moast lykwols in skoftke harren keamers út. De brânwacht hat de keamers fentilearre, wêrnei't de bewenners der wer yn koene.