Buske oer de kop by Bakkefean, bestjoerder rekket ferwûne

22 des 2020 - 23:20

Op it Mandefjild by Bakkefean hat tiisdeitejûn in slim ûngelok plakfûn. In buske rekke fan de dyk en bedarre nei it reitsjen fan in beam oer de kop yn 'e greide.

Foto: De Vries Media

It traumateam kaam mei in helikopter teplak om help te bieden oan it slachtoffer. De traumadokter gie mei it slachtoffer yn de ambulânse nei it sikehûs. Ek de brânwacht waard oproppen, omdat de auto op de kant lei en de bestjoerder beknypt siet.

Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Bakkefean
(Advertinsje)
(Advertinsje)