Ynwenners feroarje Easterwierrum yn sfearfol krystdoarp

22 des 2020 - 22:34

It is noch gjin Wielenpôlle yn Ljouwert, mar Easterwierrum is wol hurd op wei in echt krystdoarp te wurden. Nei in oprop by de pleatslike snackbar en op Facebook oan de ynwenners harren hûs safolle as mooglik mei krystferljochting te fersieren, waard der tige entûsjast reagearre.

It inisjatyf kaam fan de aktiviteitekommisje en it idee fan Jolanda van der Weide. "Ik soe de beam by ús thús fersiere en tocht: it is wat tryst waar, in tryste tiid. Wêrom net it hiele doarp?", fertelt Van der Weide.

Sawat alle doarpsbewenners dogge mei. Der is in echte kryststâl mei libbene skiep, in metershege krystbeam en der binne oare krystsymboalen te sjen yn it lytse doarp mei sa'n 320 ynwenners.

Ferslachjouwer Willem de Vries krige in rûnlieding troch it doarp

(Advertinsje)
(Advertinsje)