Yllegale stjoermêst hâldt ynwenners Spannenburch yn 'e besnijing

Hy bromt, is 30 meter heech en it is in riedsel hoe't er der komt: in stjoermêst by Spannenburch. It buorskip by Tsjerkgaast hat al in ferneamde toer stean, mar dy hat der sûnt koart in buorman by. In telefoanbedriuw hat begjin oktober in nije stjoermêst delset by de brêge fan Spannenburch. Dat soarget foar opskuor yn it plakje, want gjinien wit wat foar mêst it is. Boppedat soe de fergunning net doge.
Yllegale stjoermest Spannenburch
"Sjoch, dit moat 'm dan wêze", begjint Lucia de Jong fan doarpsbelang har ferhaal. Sy wiist nei in pear hikken dy't om de stjoermêst steane. Yn 'e midden stiet in brommende aggregaat, dy't de stroom fersoarget foar de mêst. "Dat lûd fernimme we net", seit De Jong. De mêst stiet op in parkearplak en oan de oare kant begjint pas it doarp. "Mar elkenien sjocht de mêst wol. De fraach bliuwt ek wat foar mêst it krekt is en hoe't it mei de strieling komt. Want wy binne net op 'e hichte steld dat de mêst komme soe."
De mêst is neffens it ferhaal fan doarpsbelang yn in wykein pleatst. "Ik brocht de bern fuort en doe't ik hjir delkaam, seach ik allegearre buskes stean. In dei letter komt dit ding boppe de beammen út. We ha doe kontakt socht mei de gemeente en dy seit dat der gjin fergunning foar de mêst is. Hy soe der tydlik stean as in needoplossing, mar we binne no al in pear moannen fierder. We witte net hoelang oft er bliuwt, mar wat ús oanbelanget, giet er sa gau as mooglik wer fuort."
De stjoermêst © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de mêst
Gemeente De Fryske Marren lit yn in reaksje witte dat de mêst yllegaal pleatst is. De gemeente sil ûndersykje hoe't it mooglik is dat de mêst delset wurde koe. Njonken dat sille sy hanthavening yn it wurk stelle om de mêst fuort te heljen. De hanthavening moat mei de eigeners om tafel, om te freegjen hoe't de mêst der komt. Ek moatte dy eigeners de mêst sels fuorthelje. Wannear't dat is, bliuwt troch corona en de krystfakânsje de fraach.