Noppert mei in soad muoite troch nei tredde ronde WK darten

22 des 2020 - 20:20

Danny Noppert hat him tiisdeitejûn mei in soad muoite pleatst foar de tredde ronde fan it WK darten. Yn Londen wûn de Jouster mei 3-1 yn sets fan Cameron Carolissen út Súd-Afrika.

Foto: Orange Pictures

De earste set gie hiel ienfâldich mei 3-0 nei debutant Carolissen. Pas healweis de twadde set kaam Noppert in bytsje op gong. Hy kaam werom oant 2-2 yn legs en bruts syn tsjinstanner yn trettjin darts foar de set.

Soad missers

Dêrnei bleau de Fries mar muoisum smite. Ek yn de tredde set kaam hy net echt út de farve en waard it belangryk op 2-2 yn legs. Dêryn hie Noppert in noflike foarsprong dy't hy nei in soad missers fia dûbel tsien fersulvere: 2-1 yn sets.

Carolissen en Noppert holden elkoar yn de fjirde set aardich yn it lykwicht. Ek yn dy set waard it 2-2 yn legs. De Jouster krige twa matchdarts, mar smiet dy der net yn. Hy waard dêrnei lykwols holpen troch in misser fan de Súd-Afrikaan, wêrnei't Noppert fia dûbel tsien de drege winst pakte.

Tredde ronde

Yn de tredde ronde fan it WK darten smyt Danny Noppert nei de krystdagen tsjin Dave Chisnall of Keegan Brown.

It WK darten wurdt fan 15 desimber oant en mei 3 jannewaris hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. It toernoai wurdt - útsein de iepeningsdei - sûnder publyk spile. De regearjend wrâldkampioen darten is Peter Wright út Skotlân.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(Advertinsje)
(Advertinsje)