Basisplak foar Dresevic yn útwedstriid tsjin Feyenoord, Van Bergen fraachteken

23 des 2020 - 15:05

Ibrahim Dresevic is woansdeitejûn yn de Rotterdamske Kuip tsjin Feyenoord de ferfanger fan de skorste Pawel Bochniewicz yn de lêste kompetysjewedstriid fan 2020. De Poalske sintrale ferdigener krige yn de slotfaze tsjin Heracles Almelo de reade kaart. Dresevic wie ferline seizoen noch in fêste wearde yn de ploech fan trainer Johnny Jansen. Mar nei de komst fan Bochniewicz en Jan Paul van Hecke moat hy it dwaan mei in plak op de reservebank.

Trainer Johnny Jansen

Johnny Jansen: "Ik vergelijk zijn situatie een beetje met die van Daniel Høegh vorig jaar. Daniel was ook altijd basisspeler, aanvoerder van de ploeg, maar kwam door een blessure op de bank terecht. Dat geldt voor Ibrahim precies hetzelfde. En nu is het voor hem knokken om weer in de ploeg te komen en juist daarin kan hij nog een stap maken. Elke dag strijden om het niveau te halen dat gevraagd wordt. Maar hij is soms wat makkelijk en dat moet eruit."

Efter de namme fan Mitchel van Bergen stiet noch in fraachteken. De rapppe oanfaller foel tsjin Heracles Almelo út mei in hamstringblessuere. Woansdei hakt de technyske stêf de knoop troch oft Van Bergen tsjin Feyenoord starte kin.

Ibrahim Dresevic - Foto: Orange Pictures

Blessueres Feyenoord

Feyenoord mist tsjin SC Hearrenfean yn alle gefallen topskoarer Steven Berghuis. Hy rekke yn de útwedstriid tsjin VVV-Venlo blessearre oan syn ljisk. Ek middenfjilder João Teixeira is der net by, hy bruts ferline wike freed op de training syn kûtbonke. En Orkun Kökçü hat in ankelblessuere.

Ofrûne snein kaam der in ein oan de searje fan mar leafst 26 kompetysjewedstriden fan Feyenoord sûnder ferlies. De ploech fan Dick Advocaat ferlear yn de GelreDome fan Vitesse, 1-0.

Henk Veerman

SC Hearrenfean slút de earste seizoenshelte ôf mei in achtste plak. En dêr hie gjinien oan it begjin fan dit seizoen rekken mei hâlden. Hielendal net, omdat alle oefenwedstriden yn de tarieding ferlern gienen. En dochs is der in gefoel dat der miskien noch mear ynsitten hie. Jansen: "Ik heb een beetje een dubbel gevoel hierover. Want vooraf teken je ervoor, maar nu denk ik dat er misschien toch wel wat meer in had gezeten. En dan denk ik vooral aan de wedstrijden tegen PSV, ADO en RKC Waalwijk."

Oanfaller Henk Veerman is mei njoggen doelpunten kluptopskoarer en sjocht mei in tefreden gefoel werom op de earste seizoenshelte. "Ook al mochten we verliezen van Feyenoord, dan nog vind ik dat we een goede seizoenshelft hebben gehad. Als je kijkt naar mijn doelpunten en mijn assists dan ben ik daar heel tevreden over. Negen doelpunten, daar had ik van tevoren voor getekend", sa seit de lange oanfaller.

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Hajal; Nygren, H. Veerman en Van Bergen/Llanez.

De wedstriid begjint woansdeitejûn om 21.00 oere en is live te hearren yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. Dat begjint om 20.30 oere en de presintaasje wurdt dien troch Jacob Stelwagen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)