Drugsdealers driigje mei fjoerwapen yn Drachten: sân moanne sel

Twa ynwenners fan Den Haag (20 en 29 jier) binne feroardiele ta sân moanne sel plus twa moanne ûnder betingst. Yn de nacht fan 22 juny hawwe se mei in fjoerwapen twa manlju bedrige op de Melkkelder yn Drachten. De Hagenaars bivakkearren doedestiids yn Drachten en dealden drugs.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De manlju kamen inoar op strjitte tsjin. Neffens de slachtoffers, in 26-jierrige Grinslanner en in 35-jierrige man sûnder fêst wenplak, pakte de jongste fertochte daliks in fjoerwapen, lade it en rjochte it op harren. De slachtoffers rûnen fuort, mar de fertochten twongen ien fan harren om syn skoudertaske ôf te jaan. Letter joegen se dat wer werom.
Harren ferhaal wie dat de slachtoffers ek dealden en de konfrontaasje oangien wiene, om't se harren as konkurrinsje seagen. It liket as oft de rjochtbank dat sentimint diels folge, om't de fersiken fan de slachtoffers om smertejild net tawiisd waarden. Der binne neffens de rjochtbank 'oanwizingen' dat de twa oare manlju de fertochten opsocht hawwe.