Stipe fan kultuerfûns foar lytse Fryske teäters en projekten

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it fjirde en lêste fearnsjier fan dit jier spesjale stipe tasein foar teäters yn Fryslân, dy't it troch de coronakrisis dreech hawwe. Mar ek oare inisjativen wurde stipe. Der is in finansjele bydrage tasein fan yn totaal 140.000 euro foar 28 kultuer- en natuerprojekten.
© Omrop Fryslan, Wytse Vellinga
Lytse Fryske teäters binne yn de mooglikheid steld om yn dizze coronatiid mei in oanpast projektútstel te kommen. Foar de fjouwer teäters dy't hjir gebrûk fan makke ha, is yn totaal sa'n 50.000 euro beskikber steld. Sa krijt De Koornbeurs yn Frjentsjer in bydrage foar it projekt 'Het verlangen van 2021', wêryn't fiif ynstjoerde ferhalen en gedichten yn de foarm fan dûns, toaniel, muzyk en sang útfierd wurde.

Kultuer is essinsjeel

"Kultuer is de soerstof fan de maatskippij. De mienskip hat ferlet fan ferwûndering, ferbylding, ôflieding en moeting. Wis yn dizze tiid. It behâld fan de teäters is dêrom wichtich. Se foarmje in essinsjeel ûnderdiel fan it rike en ferskate kulturele lânskip dat Fryslân kenmerket", seit Arno Brok, kommissaris fan de Kening yn Fryslân en foarsitter fan it Cultuurfonds Fryslân, yn in taljochting op de takenning fan de bydragen.

Fûgelwacht en Fryske Miljeufederaasje

De Fûgelwacht Wommels krijt 4.000 euro foar it projekt 'Oer de râne fan de tiid'. Fertsjintwurdigers fan ferskate kulturele dissiplines sette it belibjen fan 24 oeren midden yn de landerijen om ta in keunstutering yn de foarm fan in gedicht, komposysje, keunstwurk of lêzing.
De Stichting Friese Milieufederatie krijt 5.000 euro foar in stjerretafel en nachttún yn de Lautatún yn Wier. De stjerretafel toant in ôfbylding fan de stjerrehimel fan it noardlik healrûn en yn de tún kinne besikers de nachtnatuer belibje.