Fêst yn Súd-Afrika troch firusmutant: "Minsken sykje de kust op, it is tsjinstridich"

Der binne mindere plakken om fêst te sitten as by de skoanfamylje yn Súd-Afrika, tinkt Janna Reitsma fan Ljouwert mar. Mei har man en har poppe soe se dizze dagen weromreizgje nei Nederlân, mar no't ek yn it Afrikaanske lân in mutaasje fan it coronafirus him ferspriedt, is it fleanferkear stillein. "We ha in goed en feilich plakje hjir, dus we wachtsje it ôf."
De kustline by East London yn Súd-Afrika © Shutterstock.com / Alexandre G. ROSA
It giet net goed mei de ûntwikkeling fan it firus yn Súd-Afrika, mar dat sjocht Reitsma om har hinne net altyd. Se sit yn East London, oan de eastkust fan it lân. "Ik sjoch foaral minsken dy't op fakânsje binne. It is hjir simmerfakânsje, dus hast minsken dy't dochs de kust even opsykje. Dat is wat tsjinstridich. De ferhalen komme net altyd oerien mei wat we hjir sjogge."
Mûlkapkes binne yn Súd-Afrika al folle langer ferplichte, mar ek dêr binne de regels de lêste tiid oanskerpe. "Want foaral troch it reizgjen mei de krystdagen ferspriedt it firus him wer rapper. Minsken geane nei hûs, se sykje de famylje op. Dan binne se wat relaxter: mûlkapke ôf en mei-elkoar ite. Dat binne just de situaasjes wêryn't je it firus ferspriede."

Werom mei negative test

Reitsma soe de feestdagen yn Nederlân trochbringe mei har kant fan de famylje. "Mar no wachtsje we it mar ôf. We sjogge wol oft it oant yn jannewaris duorret of dat we earder fuort kinne." It ministearje wol gau mooglik meitsje dat minsken weromreizgje kinne, as se in negative coronatest sjen litte kinne. By oankomst moatte de reizgers dan noch wol tsien dagen yn karantêne.

Feestdagen en lessen online

Mocht it allegear te lang duorje, dan is it foar Reitsma noch hieltyd net sa'n probleem. "We sitte beiden yn it ûnderwiis en it is mooglik om hjirwei online les te jaan. De lessen binne no ek online, dus dat is in foardiel. Al is it fansels net ideaal."
Gewoanwei sit Reitsma mei de famylje thús yn Nederlân mei de feestdagen en sykje se online kontakt mei de famylje yn Súd-Afrika. "Dan dogge we it dizze kear mar oarsom."
Janna Reitsma sit fêst yn Súd-Afrika